Jier fan de Talen set út ein

19 feb 2001 - 16:07

It Europeeske Jier fan de Talen set moandei offisjeel út ein mei in konferinsje yn 'e Sweedske stêd Lund. Underwerp is de promoasje fan talen. Foar ferskate projekten leit de Europeeske Kommisje 8 miljoen euro op it kleed.

Opfallend is dat de konferinsje net giet oer minderheidstalen. Nei ferwachting sille guon sprekkers de posysje fan dy talen wol op it aljemint bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)