Jier fan de Mûnen iepene

28 jan 2007 - 14:16
  • Utlis oer hoe't it nôt ta moal meald wurdt (foto: Lenus van der Broek)

Yn hiel Nederlân is sneon it startsein jûn fan it 'Jier fan de Mûnen'. Sa ek yn mûne 'Windlust' yn Wolvegea. De mûnders Klaas Lenstra en Evert Belkega ûntfongen op dizze dei goed hûndert belangstellenden.

Mûnen binne markante werinneringen oan it ferline. Yn 1407 waard de earste poldermûne boud. De stifting fynt dit in goede reden om 600 jier nei dato it Jier fan de Mûnen te hâlden. 450 mûnen yn Nederlân moatte restaurearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)