Jezustinte Snitswike ferdwynt

15 maaie 2014 - 21:46

Nei goed 35 jier ferdwynt de Jezus-tinte fan it starteilân yn Snits. De tinte fan de Stifting Evangelisatie Kolmeersland stie alle jierren mei de Snitswike op it eilân. Yn de tinte wiene oerdei aktiviteiten foar bern en nachts koe de jongerein der teplak as se mear witte woene oer it kristlik leauwen.

Yn de ôfrûne jierren wie de tinte útgroeid ta in bekend fenomeen. De stifting lûkt no lykwols de stekker derút om't de belangstelling bot ôfnimt.

De jongeren dy't op it starteilân komme, komme benammen foar it silen. De oare aktiviteiten fine hieltiid faker yn de binnenstêd plak en dêrtroch is ek de doelgroep fan de Jezus-tinte dêr hinne gong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)