Jeugdwurkleazens oanpakke

24 jun 2009 - 13:00

Fryslân besiket ekstra jild fan Den Haach te krijen foar de oanpak fan 'e jeugdwurkleazens. Der komt fan 't hjerst 60 miljoen beskikber om jongerein oan it wurk te krijen. Doel is dat it jild benammen giet nei wurk yn de metaal, de bou en by de plysje.

Dat soe lanlik 12.000 ekstra banen opsmite moatte. Fryslân hopet hjir 10 % fan te realisearjen. Yn oktober moat dúdlik wurde oft Fryslân it jild, sa'n 6 miljoen euro, ek krijt. 9 % fan 'e Fryske jongeren is wurkleas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)