Jeugdwurkleasheid troch krisis

19 apr 2010 - 16:30

Jongeren fernimme de krisis ek en se binne ûntefreden oer de oansluting tusken skoalle en wurk. Dat die moandei bliken op in manifestaasje yn Drachtster skouboarch De Lawei, dêr't in pear hûndert jongeren hinne kamen foar workshops en in banemerk.

As ûnderdiel fan dit Aksjeplan Jeugdwurkleasheid hawwe yn it foar al mear as 300 jongeren fia ynternet en chatsessys op skoallen oanjûn hoe't se jeugdwurkleazens yn Fryslân oanpakke wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)