Jeugdsoarch wol dúdlikheid

03 nov 2014 - 12:40

Fryske jeugdsoarchynstellings wolle sa stadichoan wolris dúdlikheid. Noch mar in pear wiken en dan binne de gemeenten ferantwurdlik foar de jeugdsoarch. Mar hoe't dat krekt regele wurde sil, is yn in soad gefallen noch altyd net dúdlik. De kontrakten foar in grut part fan de jeugdsoarch binne noch net sletten.

Dat betsjut foar de ynstellings dat se noch net witte wêr't se oan ta binne. Hoefolle moatte se bygelyks besunigje en moatte der ek minsken út? Reden foar Jeugdzorg Nederland om dit wykein de needklok te lieden.

Mar ek de Fryske ysntellings wolle dúdlikheid. Dy is der net, omdat de sifers mekoar tsjinsprekke. Sa seit Jeroen van Ooijen fan Jeugdhulp Fryslân. Ek by Soarchbelang Fryslân binne der soargen. Foar pasjinten is der noch in soad ûndúdlik. De organisaasje kin der sels net safolle oandwaan, mar is ôfhinklik fan ôfspraken dy't oare partijen meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)