Jeugdsoarch freget mear jild

03 nov 2009 - 16:05

Buro Jeugsoarch hat foar takom jier in heal miljoen euro ekstra nedich om bern goeie opfang te jaan. Om dat sinjaal krêft by te setten sammele de organisaasje de ôfrûne tiid 3000 hantekens yn. Dy wurde oanbean oan de leden fan de Twadde Keamer.

Sûnder it ekstra jild fan it ryk kinne der minder gesinsfâden betelle wurde. Dy gesinsfâden helpe no elk 15 bern. Dat driget aanst net mear helber te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)