Jeugdparlemint 2005 ôfsletten

26 feb 2005 - 14:53

Fytsers moatte foarrang krije op alle rotondes yn de provinsje. Dat fersyk docht it Frysk Jeugdparlemint oan de gemeenten yn Fryslân. Op dit stuit binne de foarrangregels op de rotondes net oeral gelyk en dat soarget foar ûndúdlike en ûnfeilige sitewaasjes.

It parlemint hat ek besletten ta in kampanje foar miljeu-freonlike brânstoffen. Fierder komt der in ûntwerpwedstriid foar in studinteflat en krijt it Leger des Heils in boksbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)