Jeugdpanel yn Gaasterlân-Sleat

07 nov 2004 - 17:45

In noch op te rjochtsjen jeugdpanel moat yn Gaasterlân-Sleat útsykje wêr't de jongeren yn de gemeente ferlet fan ha. Dat wolle boargemaster en wethâlders. Se wolle de jeugd mear belûke by it belied.

De jongeren yn de gemeente fiele it meast foar in aktive klub dy't fan alles organisearret. It jongerewurk soe it jeugdpanel begeliede moatte, sa fine B&W. De ried fan Gaasterlân-Sleat stimt tiisdei oer it foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)