Jeugdkuorbaltoernoai mei 1200 bern yn De Pein

13 jun 2015 - 12:12

Yn De Pein is sneon foar de 67e kear it jierlikse jeugdkuorbaltoernoai begûn. Mei-inoar binne der 1200 bern dy't meidogge, yn 140 teams fan 25 ferienings. Dêrmei hat De Pein it grutste jeugdkuorbaltoernoai fan Nederlân. Ek ferskate Fryske klups dogge mei oan it toernoai, bygelyks út Drachten, De Jouwer, Bûtenpost, Twizel en De Pein sels.

By it toernoai wie it gebrûklik om ballonnen op te litten. Dat bart dit jier lykwols net. De organisaasje fynt dat net langer ferantwurde foar it miljeu. Dermei komt in ein oan in tradysje fan 28 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)