Jeugdklup Wytgaard krijt lift

16 mrt 2011 - 12:49

De jeugdklup fan Wytgaard hat jild krigen foar in lift yn har nije jeugdhonk. Dat jild komt fan it Oranjefonds en de Rabobank.

It gebou dêr't de jeugd no ynsit, de Twirre, wurdt fan binnen opknapt. De yndieling wurdt oars sadat it noch mear in multyfunksjoneel gebou wurdt. Dat betsjut dat de jeugd har eigen plak krijt, op de earste ferdjipping. De jeugdklup is al sûnt 1968 aktyf en is belangryk foar Wytgaard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)