Jeugdige kreative talinten socht

25 nov 2001 - 00:00

De OSG Sevenwolden organisearret yn gearwurking mei kreativiteitssintrum De Cirkel it projekt 'Kunst? Kijk mij nou!' It projekt is bedoeld foar learlingen fan groep 7 en 8 fan de basisskoallen.

11- of 12-jierrigen dy't it leuk fine om kreatyf dwaande te wêzen, kinne meidwaan oan twa workshops op 12 en 19 desimber yn De Cirkel op It Hearrenfean. Opjaan kin oant 28 novimber by OSG Sevenwolden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)