Jeugdige Drachtsters besykje yn te brekken

06 jul 2015 - 14:10

Twa jonges fan 16 en 17 jier út Drachten binne yn de nacht fan snein op moandei oppakt foar ferskate ynbraakpogingen. Plysjeminsken fytsten oer de Leidijk doe't de jonges út in skuorre kamen. Sy hienen in tas mei dêryn in mes en wanten by harren. Nei fragen fan de plysje joegen se ta dat se besocht hienen yn te brekken yn ferskate auto's en skuorren. De jonges hawwe proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)