Jeugdhulp Friesland start kampanje foar mear pleechgesinnen

10 okt 2015 - 11:47
  • Mem Alie en pleechsoan Kevin út Burgum
  • Jannie Struiksma fan Jeugdhulp Friesland by de famylje Wolters út Burgum

Jeugdhulp Friesland siket pleechgesinnen. Nije wike sil de organisaasje op merken en by doarpssintra te finen wêze, op syk nei gewoane gesinnen dy't in pleechbern in stabyl thús jaan kinne. Dit falt ûnder de lanlike kampanje ‘supergewonemensengezocht.nl’.

Troch it sluten fan (berne)tehuzen lykas 'Mooi Gaasterlân', is it tal pleechgesinnen de lêste jierren ferdûbele. Op it stuit sitte yn Fryslân 750 bern yn de pleechsoarch, ferdield oer sa'n 500 oant 600 gesinnen. Mar der binne mear gesinnen nedich.

Yn it radioporgramma Buro de Vries dit wykein in wiidweidich petear mei it pleechgesin Wolters út Burgum. Harkje hjir nei de útstjoering fan Buro de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)