Jeugdhonk Wommels ôfbaarnd

26 aug 2007 - 15:28
  • It jeugdhonk baarnde folslein út (foto: JRF/Jaring Rispens)

In fûle brân hat yn de nacht fan sneon op snein jeugdhonk It Hintsje yn Wommels yn de jiske lein. It jeugdhonk leit njonken de provinsjale dyk. It jeugdhonk, dat bestie út trije bouwurken, is folslein útbaarnd. It Hintsje soe ein dit jier, neffens ôfspraak mei de gemeente, sloopt wurde.

Leden fan It Hintsje wiene sneon net oanwêzich fanwege in frijfeintefeest. Presys trije jier ferlyn baarnde it foarige jeugdhonk fan It Hintsje ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)