Jeugdhonk Raard hast klear

26 aug 2012 - 16:54
  • Doarpshûs De Nije Pôle

It nije jeugdhonk fan Raard, Boarnwirt en Foudgum wurdt takom moanne oplevere. De oannimmer is dan klear mei de oanbou oan it doarpshûs fan Raard. Dêrnei sil de jongeren út de trije doarpen sels noch it nedige wurk dwaan moatte oan de binnenkant.

De bou fan it jeugdhonk is yn juny begongen. Oanlieding wie it ferskerpe belied foar jongerenketen yn Dongeradiel. Yn Raard, Boarnwirt en Foudgum is oars neat te dwaan foar jongeren. De provinsje, de gemeente en ferskate fûnsen hawwe jild jûn foar it jeugdhonk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)