Jeugdhonk foar Moarre/Ljussens

21 jan 2010 - 07:27
  • De keten en caravans moatte dit jier ferdwine

De jeugd út Moarre en Ljussens krijt miskyn in eigen jeugdhonk. Dat soe komme kinne op it plak fan de kantine by it keatsfjild tusken de beide doarpen. Dongeradiel wol dat de jeugd út de gemeente in feilich plak krijt dêr't se by elkoar komme kinne.

De keten yn de gemeente moatte dit jier allegear ferdwine. Dêrfoar yn it plak komme dan jeugdhonken dy't wol oan in tal regels foldwaan moatte. Sa moat it brânfeilich wêze en moat der in horekdafergunning komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)