Jeugdhonk De Tynje moat fuort

08 jun 2007 - 21:08

It jeugdhonk yn De Tynje wurdt ôfbrutsen. De jeugd dy't yn en om it honk hinget soargje al in oantal jierren foar oerlêst en dêr hat it doarp skjin syn nocht fan.

It giet ûnder oaren om fernielerij, yntimidaasje en drugsgebrûk. Prate en oerlis mei de jeugd hat neat holpen, dus moat it honk plat.De jongeren sels sizze dat in oare groep jongerein ferantwurdlik is foar de oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)