Jeugdhonk De Hingel yn Ternaard moat slute

15 okt 2015 - 15:55
  • Jeugdsoas De Hingel yn Ternaard

De gemeente Dongeradiel wol jeugdhonk De Hingel yn Ternaard slute. Ek wurdt de drank- en hoarekafergunning ynlutsen, en de gemeente jout it jeugdhonk takom jier gjin subsydzje mear. It honk soarget foar in soad oerlêst yn de buert. Boppedat hâldt de jeugd him net oan ôfspraken dy't makke binne.

Der is wol oer de problemen praat, mar omdat de situaasje net ferbetteret, wol de gemeente no yngripe. Ein oktober is der noch in petear mei it bestjoer fan it jeugdhonk. Dêrnei besjogge boargemaster en wethâlders wat se dogge mei De Hingel.

Der kin noch berop oanteke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)