Jeugdhonk De Hingel yn Ternaard moat doarren slute

11 nov 2015 - 14:59
  • Jeugdsoas De Hingel yn Ternaard

Jeugdhonk De Hingel yn Ternaard giet foarearst ticht. Neffens de gemeente soarget it honk foar oerlêst en hâldt de jeugd him net oan ôfspraken. It kolleezje fan de gemeente Dongeradiel hie earder al drige mei in sluting, mar woe in petear mei de jongerein ôfwachtsje. Dat oerlis hat west, mar de partijen binne der net út kaam. Dêrom hat de gemeente no besletten de sluting troch te setten.

Neist de sluting wurdt de drank- en hoarekafergunning ynlutsen en jout de gemeente it jeugdhonk takom jier gjin subsydzje mear.

De jongerein kin him net folslein fine yn de krityk. Neffens jeugdbestjoerder Johan Smit komt net al it oerlêst fan it jeugdhonk, mar ek fan oare jeugd út it doarp. Hy fynt de maatregels dan ek te strang.

De sluting giet op 18 novimber yn en duorret earst oan en mei 8 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)