Jeugddei Fryske Olympiade

14 jun 2013 - 16:15
  • Keatse op Fryske Olympiade
  • Jeugddei Fryske Olympiade
  • Jeugddei Fryske Olympiade

Bern fan de basisskoallen fan Burgum mochten freed alfêst yn de kunde komme mei de sporten op de Fryske Olympiade. Yn it nije sportevenemint stean keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen sintraal. De organisaasje wol graach dat it in jierliks weromkommend barren wurdt. De measte Burgumer bern komme foar it earst yn de kunde mei in Fryske sport. Sa koene keatse en fierljeppe op it terrein oan de Wide Ie.

Sneon binne de topsporters oan bar. Dan is der ek kulteur, muzyk en teater.

Omrop Fryslân docht sneon de hiele dei live ferslach fan de Fryske Olympiade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)