Jeugdbinde oprôle yn Ljouwert

15 jun 2006 - 14:08

De plysje hat yn Ljouwert in jeugdbinde oprôle. Der binne acht jongeren oppakt tusken de 16 en 18 jier âld. Se hawwe har skuldich makke oan harddrugs, mishanneling, ôfpersing en dieverij. De groep presintearre har op ynternet ûnder de namme Money Making Machine, nei in liet fan 2Pac.

De folsleine binde bestie út sawat 20 minsken. Dy sille allegear noch oppakt en heard wurde. Op it stuit sitte der noch fiif fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)