Jeugd wol provinsje faker sjen op sosjale media

07 okt 2015 - 15:09

De provinsje moat mear sichtber wurde op ynternet. Dat docht bliken út in enkête fan it Jongerenpanel Duorsum Fryslân. Neffens de jongerein soe de provinsje nochris kritysk sjen moatte nei it gebrûk fan sosjale media, lykas facebook.

De provinsje krijt no it sifer 4,4 as it oankomt op it gebrûk fan sosjale media. De jongerein wol yn in online omjouwing graach meiprate oer plannen fan de provinsje. De accounts dy't de provinsje no brûkt, binne lykwols ta oan in opfrisbeurt om se tagonkliker te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)