Jeugd wol feest, gjin oerlêst

15 jul 2011 - 15:09

De optochten mei fersierde weinen yn Eanjum moatte in grut feest wurde, sa fynt de jeugd. De lêste wiken gie it yn ferskate doarpen mis. De gemeente warskôge dat it dien is by nij oerlêst. Freedtemoarn rieden de weinen troch it doarp. Sneon is ek in optocht.

Earder dizze moanne wie der oerlêst fan de jeugd fan Peazens Moddergat en Ternaard. Se wiene dronken en pissen tsjin huzen oan en smieten bierfleskes op strjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)