Jeugd wol De Rank iepen hâlde

09 nov 2002 - 00:00

De jeugd fan buertsintrum De Rank wol mei in hantekenaksje in mooglike sluting keare. It sintrum op It Hearrenfean moat mooglik ticht om't de ynstelling foar jongerenwurk besunigje moat. As De Rank de doarren slút kinne de jongeren fan Hearrenfean-Súd nerges oars telâne.

De 560 hantekens wurde nije wike oan de gemeenteried oerhandige. Pas yn 2004 wurdt dúdlik oft De Rank ticht moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)