Jeugd Westerein oppakt foar brân

05 maaie 2006 - 10:59

Op De Westerein binne tongersdei twa jonges fan 16 en 18 jier en famkes fan 16 en 20 jier oppakt fanwege brânstifting. De fjouwer hiene mei twa oaren in fjoerke stookt op in fisksteiger oan de Langereed.

Doe't de plysje der oankaam, naaiden se gau út. Fjouwer fan de seis fertochten koene nei in efterfolging oanhâlden wurde. De steiger is fernield rekke. De skea wurdt rûsd op in pear tûzen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)