Jeugd Tsjom bout yn Afrika

04 jan 2014 - 11:22

In groep fan 19 jongeren út Tsjom is al in jier dwaande om jild op te heljen foar World Servants. Se sille dizze simmer nei Malawy en Sierra Leöane om dêr skoallen te bouwen. De jeugd moat dêrfoar sels 48.000 euro meinimme, dêrfan hawwe se no 30.000 euro byelkoar. Se hâlde allegear aksjes om jild op te heljen. Ien fan de saken dêr't se jild mei ophelle ha is de ferkeap fan lotten.

Sneon hâlde se in nijjiersbuorrel, dan is ek de priisútrikking fan de lotterij yn de Moeting yn Tsjom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)