Jeugd-tbs yn saak stekpartij

15 des 2004 - 10:38

In finzenisstraf fan goed acht moannen en jeugd-tbs. Dat is de straf foar de 15-jierrige jonge dy't ein maart in oare learling (17) delstuts op de Compagnie op It Hearrenfean. It slachtoffer rekke swier ferwûne en lei dagen yn it sikehûs.

De advokaat fan de dieder tekenet heger berop oan. Se wol net dat er jeugd-tbs krijt. De rjochtbank yn Ljouwert sei ek dat de dieder it slachtoffer 3000 euro skeafergoeding betelje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)