Jeugd sponsoraksje Poiesz: fiif ton foar sportklups

10 apr 2015 - 23:05
  • Feestjûn by de sponsoraksje fan Poiesz

Yn it WTC-Expo yn Ljouwert wie freed foar de 10e kear de finale fan de jeugd sponsoraksje fan supermerkketen Poiesz. Alle rom 500 dielnimmende ferieningen wiene útnoege foar in feestjûn mei ferskate optredens. Yn totaal is der troch Poiesz dit jier in bedrach fan fiif ton útkeard.

De sjeks fariearje fan sânhûndert euro oant achtjinhûndert euro. De jongerein fan fuotbalklup Jong Harkema wiene mei in 3e plak de Fryske klup dy't it heechste bedrach binnenhelle ha mei 1643 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)