Jeugd oppakt foar fernielerij

05 jan 2005 - 11:12

Fiif jongeren út Ljouwert binne juster oanhâlden foar fernielerij. Se wiene sjoen doe't se oan 'e Wagenaarstrjitte ruten ynsmieten. Tsjûgen bellen dat troch 'e plysje.

Doe't de plysje yn 'e wyk kaam, seagen se de jongeren fuortdûken yn 'e boskjes. De trije jonges en twa famkes binne dêrop oanhâlden. De manlju binne alle trije 18 jier âld en de famkes minderjierrich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)