Jeugd oansprutsen op gedrach

26 nov 2003 - 00:00

Jongeren yn Dantumadiel sille oansprutsen wurde op ekstreem-rjochtse uteringen. Mei posters en oar foarljochtingsmateriaal wurdt wiisd op de gefaren fan rasisme.

Dantumadiel hat dat besletten nei oanlieding fan ynsidinten by it asylsikerssintrum fan Dokkum begjin novimber. Sa woe de jeugd it azc yn de brân stekke. De plysje hat yntusken sa'n tsien jongeren tusken de 13 en 18 jier oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)