Jeugd oanholden foar fernieling

13 sep 2004 - 11:32

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn de wyk Camminghaburen yn Ljouwert alve jongeren oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. Tsjin twa fan har, in 16- en in 17-jierrige Ljouwerter, sil proses-ferbaal opmakke wurde.

In tsjûge hie foar de oanhâlding oan de plysje trochjûn dat in groep jongeren ferkearsbuorden en in bushokje fernielden oan de Canterstate. De groep is oanholden op de Frittemastate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)