Jeugd net op strân Skipsleat

09 aug 2012 - 15:09
  • Skipsleat

It strantsje oan de Skipsleat op De Jouwer is tsjintwurdich tusken 8 oere jûns en 9 oere moarns ferbean terrein. De Gemeente Skarsterlân hat dat beslút naam, omdat der in soad oerlêst wie fan jongerein op it strantsje. Buertbewenners klagen oer in soad leven en rotsoai. Troch it beslût kin de plysje de jongerein makliker oanpakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)