Jeugd NE-Fryslân net krimineel

03 nov 2008 - 21:31
  • Jeugd drinkt net mear as rest Nederlân

De jeugd yn noardeast Fryslân brûkt minder geweld, is minder krimineel, brûkt kwalik drugs en sûpt net folle mear as oaren yn de rest fan it lân. Wol bliuwe se faker fuort fan skoalle en is der mear sprake fan depressyf gedrach. Dat is de konklúzje út in ûndersyk ûnder hast 3000 jongeren yn noardeast Fryslân.

Noardeast Fryslân docht it better as gebieten yn de rânestêd. Doel wie te achterheljen wat der ûnder de jongeren libbet en dêr belied op te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)