Jeugd kreaket hûs yn Westerein

01 sep 2002 - 00:00

Seis jongeren út De Westerein ha in hierhûs kreake oan de Parkleane. Se protestearje tsjin de wentekrapte yn Fryslân. Sneontenacht binne se yn it hûs lutsen dat al in jier leech stiet.

De jonges fan 17 en 18 jier ha de buert mei in briefke op de hichte steld fan har aksje. Se wolle salang bliuwe oant de wenning sloopt wurdt. Dat soe neffens de kreakers oer trije jier wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)