Jeugd helpt by Flaeijelfeest

03 feb 2009 - 09:12
  • Jeugd wol helpe by Flaeijelfeest

In jeugdkommisje moat jongeren mear belûke by it Flaeijelfeest yn Ald- en Nijhoarne. De kommisje helpt by de organisaasje fan it kultuerhistoaryske evenemint.

De jongeren hawwe harsels oanmelden by it bestjoer fan de stifting Flaeijelfestiviteiten. Se wolle meitinke en meihelpe by it feest. Sa wolle se de festiviteiten oerdeis better ôfstimme op de jeugd. It bestjoer is tige wiis mei it entûsjasme fan de jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)