Jeugd gjin fertrouwen yn takomst

12 jul 2006 - 16:58

De jongerein yn Ljouwert hat op 't stuit minder fertrouwen yn de takomst as in pear jier lyn. Dat blykt út de Jeugdmonitor, in ûndersyk dat de gemeente ien kear yn de 4 jier docht ûnder jongeren fan 12 oant 17 jier.

Der binne ek goeie ûntwikkelings, der wurdt minder smookt en der wurdt in soad sport. Ek giet de jongerein faker mei nocht nei skoalle. Twa-tredde fan de jongeren fielt him jûns wolris ûnfeilich yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)