Jeugd Frjentsjer pakt foar drugs

08 okt 2006 - 16:09

De plysje hat sneontejûn acht jongeren oanhâlden op fertinking fan ynbraken, dieverij en drugsbesit. Trije fan har sitte noch fêst.

De plysje hie earder al melding krigen dat de jeugd him dwaande hold mei drugsgebrûk en -hannel. De jeugd sammele har foar it útgean meastal by it fiadukt oer de Professor Loréstrjitte. Sneontejûn binne 15 jongeren op dat plak fûllearre. Dêrnei binne acht fan har oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)