Jeugd blowt mear drinkt minder

04 feb 2010 - 20:38
  • De jeugd drinkt minder, mar blowt mear

De measte jeugd dy 't him no by de ferslavingssoarch meldt, docht dat omdat se ferslaafd binne oan weed. It tal jongeren fan 12-18 jier dat wolris alkohol drinkt, is in stik minder wurden. Yn 2004 hiene hast acht fan de tsien alkohol brûkt. Fjouwer jier letter is hast seis fan de tsien.

Dat docht bliken út sifers dy't de Ferslavingsoarch, de GGD en de plysje nei bûten brenge. Der binne net iens safolle mear jongeren dy't blowe, mar se brûke wol mear of sterker guod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)