Jeugd betinkt belied

10 nov 2005 - 07:29

Jongeren koene woansdei op it gemeentehûs fan Achtkarspelen it belied útsette. Op de Wegwijsdag hawwe se de hiele dei plannen makke en útwurke, mei it tema 'jeugd en wolwêzen'. Boargemaster Lyklema siet in spesjale gearkomste mei de jongeren foar.

As it oan de jongeren leit komme der mear hingplakken, fuotbalfjildsjes en in iepen poadium. De gemeente sil it bêste plan ek echt útfiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)