Jeu de Pelote yn Littens

23 jun 2009 - 22:31
  • De topper: Winsum-Easterein

Winsum wûn tiisdeitejûn op it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote op de twadde list mei 8-6 fan Easterein. It waard op it Plein fan Easterlittens in prachtige partij. Beide doarpen makken amper flaters en lieten op en út moai spul sjen. Yn de twadde partij fan de jûn wûn Wjelsryp mei 8-4 fan Weidum. Hjir wie it spulpeil gâns minder.

Woansdeitejûn keatst Wytmarsum tsjin Makkum en nimt Easterlittens it op tsjin Tsjummearum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)