Jeu de Pelote yn Littens

16 jun 2009 - 22:06
  • Wedstriidbyld út it doarpshert fan Easterlittens

Tiisdei op de twadde dei fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote waarden der wer trije partijen keatst op it plein fan Easterlittens. Reahûs-Turns wûn mei 7-5 fan Spannum, mei deselde einstân wûn Wjelsryp fan Mantgum. Reduzum koe it net oprêde tsjin Makkum: 2-8.

Woansdeitejûn keatst Akkrum tsjin Grou, Lollum-Waaksens tsjin Skearnegoutum en Tsjom tsjin Itens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)