Jeu-de-boulers wolle eigen hal

08 okt 2008 - 21:04

Jeu-de-Boule-feriening Le Biberon fan Ljouwert wol graach in saneamde Bouledrome bouwe. Dat is in oerdutsen hal om jeu de boule yn te spyljen. Le Biberon hat der by de Ljouwerter gemeenteried op oantrúnd.

Neffens de feriening is sa'n hal needsaaklik om ek by min waar trochspylje te kinnen. Ofrûne snein koe harren wedstriid fanwege reinwaar net trochgean. Neist Jeu de Boule soe der ek romte wêze moatte foar oare sporten yn de hal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)