Jetze nei wiskunde-olympiade

12 jun 2011 - 17:52
  • De dielnimmers fan dit jier

De 16-jierrige Jetze Zoethout út Goutum giet nei de wiskunde-olympiade. Dy wedstriid is dit jier foar it earst yn Nederlân, fan 17 oant 23 july yn Amsterdam. Jetze is ien fan de seis dielnimmers út Nederlân.

Mei-inoar dogge 578 wiskundecracks mei út 103 lannen. Se moatte seis drege fraachstikken oplosse. Ferline jier helle Nederlân noch fiif brûnzen medaljes yn Kazachstan. Yn de tiid fan de wedstriid begjint ek de kampanje 'Mear sukses mei wiskunde'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)