Jesse wurdt berneboargemaster

28 okt 2009 - 19:09
  • Jesse Jacob Lei, berneboargemaster fan Dongeradiel

Jesse Jacob Lei (11) fan Dokkum is de earste berneboargemaster fan Dongeradiel. Hy waard woansdei keazen út 33 bern fan de heechste klassen fan it basisûnderwiis út de gemeente.

Foaral syn humor en syn goeie ideeën spruts de sjuery oan. Margriet de Hoop en Sil van Dijk binne de loko-berneboargemasters. Tongersdei wurdt Jesse Jacob troch de ried beneamd. De earste opdracht is it ynheljen fan Sinteklaas. De termyn fan syn amt is salang as it skoaljier duorret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)