Jesper Hospes wer de rapste

16 jan 2013 - 19:08
  • Jesper Hospes
  • Jesper Hospes

Jesper Hospes hat syn twadde oerwinning fan dizze winter op de koartebaan binnen. Nei de winst op tiisdei yn Steggerda, wie hy woansdei de rapste yn Bantegea. Ut de list fan sechstjin riders waard Coen Otterspeer twadde, Rolf Haaze tredde en Ted-Jan Bloemen fjirde.

Nei it wykein wurdt der riden om de Nederlânske titels. Op moandei 21 jannewaris stride de manlju op de iisbaan fan De Lemmer, de froulju komme in dei letter yn aksje yn it Grinzer Alteveer. Jesper Hospes en Laurine van Riessen waarden yn 2012 kampioen op de koartebaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)