Jesper Hospes pakt tredde plak op earste 500 m by NK sprint

17 jan 2015 - 16:17
  • Jesper Hospes yn aksje op de 500 meter fan de NK sprint

Jesper Hospes pakte sneon in tredde plak op de earste 500 meter by it NK sprint op it iis fan iishal Kardinge yn Grins. Mei syn tiid fan 35.68 moast er Hein Otterspeer en Michel Mulder foargean litte. De winst gong nei Otterspeer, dy't in winnende tiid fan 35.53 klokte. Mulder einige mei 35.56 as twadde.

Jan Smeekens fan Snits liet foarôfgeand oan it NK witte dat er lêst fan 'e rêch hat. Smeekens einige mei 35.84 as sechsde. Sjoerd de Vries fan Twellingea waard mei 36.50 15e. Paul-Yme Brunsmann kaam mei 36.68 net fierder as it 18e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)