Jeroen Tiebie wint Triatlon Fryslân yn Stiens

27 jun 2015 - 16:34
  • Iensume dielnimmer oan de triatlon

Triatleet Jeroen Tiebie fan Callantsoog is sneon winner wurden fan de Triatlon Fryslân yn Stiens. Nei 1,5 kilometer swimmen, goed 40 kilometer fytsen en 10 kilometer hurdrinnen kaam er as earste oer de einstreek. Twadde waard Roelof de Roos fan Ljouwert, dy't dêrmei de bêste Fries wie.

By de froulju wie de winst foar Sanne Tepppens-Buisman fan Haren. Trudy Veenstra fan Surhústerfean einige as twadde en wie dêrmei de bêste Friezinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)