Jeroen Drost mooglik nei NEC

11 jan 2008 - 13:33

De kâns is grut dat ferdiger Jeroen Drost(19) fan Hearrenfean it seizoen ôfmakket by NEC. De klub út Nijmegen stiet leech (14de) en is op syk nei fersterking. Drost hat der wol earen nei, omdat er by Hearrenfean gjin basisplak hat.

Jeroen Drost wol graach mei Jong Oranje nei Peking. Om selekteard te wurden moat er wol geregeld spylje en dêr komt er by it Hearrenfean te min oan ta. Drost wurdt ferhierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)