Jeroen de Vries wint yn Alkmaar

13 des 2003 - 00:00

Jeroen de Vries fan Sint Nyk hat de fjirde wedstriid yn de Greenery- seisdagemaraton wûn. Yn Alkmaar wûn de reedrider út de Jorritsma-ploech de sprint fan in kopgroep fan acht man. Arjan Smit waard twadde en Henk Angenent tredde.

KC Boutiette wûn de sprint fan it peloton en bliuwt lieder yn it algemien klassemint. De Amearikaan hat no 105,3 punten. De Vries is opklommen nei it twadde plak mei 93,1 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)